Gerrie de Groot: Zündapp GTS 50 en Batavus Tourist

 

No ha ik ek in brommer, ja twa en ien derfan is in Batavus Tourist út 1960. Ik haw ek noch ûn Zündapp GTS 50 út 1978.

De Batavus haw ik al soens 1979. Eelke Zijlstra hie him kocht fan Bonne Liesbeth, die wennen destiids tsjinoer de bûterfabryk (Beusmeat). Doe wie it in plaatsje wit ik noch wol. Neidat Arno (soan fan Eelke en Wieke) de Batavus brûkt hie as krosbrommer wie der net folle fan oer. Dat doe mocht ik him ha. Ik haw der earst mei krost mar letter de grutte blik skermen der wer op set. In dy tiid ried Pooi de Vries ek op sa'n Tourist om. Hy wurke doe by Wieger Bok, en it rubber fan syn learsens sit noch op it asfalt bei Harmen en Jeltsje van der Vliet foar op e dyk, want oare remmen hie hy net. Dat ding ha'k der letter ek bei kocht foar ûnderdielen.

De Batavus is net klear om op te riden, de (ILO) piano snaar is stikken en it rubber fan de banden is net hielendal APK strak mear, mar der is wol wat oan te dwaan.


De Zündapp haw ik soent 1983, dy hawwe wy twaddehâns kocht bei ien út "Jobbegea". Der hie dus earst in Kompenijster op om jage.

 

 

                        Gerrie heeft ook een homepage: http://home.wanadoo.nl/gdg353/