Over mij

op alfabet

poëzie 1

poëzie 2

poëzie 3

poëzie 4

poëzie 5

poëzie 6 (Frysk)

poezie 7 (Frysk)

poezie 8 (Frans)

Links

Contact

15.
Dit boekje, mei al dy moaie plaatsjes
Is net geskikt foar drege praatsjes
Dêr wol wy it dan ek net oer ha
Ik winskje dy in bulte wille ta
En hast it al ris yn 'e wyn
Altyd wer, komt de sinneskyn
 
(gemaild door Nynke Dijk)
 
16.
Ik winskje dy fan herte ta
Mei op e wrâld rjucht wille ha
En giet it soms net foar de wyn
Betink nei rein komt sinneskyn
 
(gemaild door Nynke Dijk)
 
 
17.
It libben fan de jonge minsken
Is in libben faak fol kleur
Se ha in hiele bulte winsken
Se hâlde it measte fan de fleur
Mar tink der om dat neist dit moaije
D'r ek hwat oars noch frege wurdt
Wês earlik, goed foar al dyn neisten
Wês tsjin dyn neisten net te hurd
 
(gemaild door Nynke Dijk)
 
18.
Libje lang en libje sûn
Fan gemoêd, rjochtút en rûn
Giet it net altiid nei't sin
Doch it mar sa goed as't kin.
 
(gemaild door Anne Nooitgedagt)
19.
Oan 'e kant fan't stille wetter
bloeide in lytse blauwe blom
Noait fynt er syn plakje better
Want it is dêr stil en rom
Moedich tilt er 't teare kopke
Moarns út'e underwâl omheech
En dûkt it sintsje nei it westen
Bûcht er 't ek wer nei omleech
Sa yn'e ûnderwal forskûle
Is der nimmen dy't him let
Dochs wit eltsenien syn namme
en dy is ferjit my net
 
(út it album fan Nynke Dijk)
 
20.
Ik wit net wersto hinne giest
miskien wol wit wêrhinne
Miskien wol nei Amearika
Miskien wol nei de moanne.
Mar ast dan yn dyn album sjochst
Dan bisto, hoopje ik, bliid
Datst jong wiest yn it Heitelân
En tinkst: In mooie tiid!
 
(poezieversjes van 't Swannestee)
 
21.
 
In blomke en in tûkje
Liz ik yn dyn boekje
'k Skrûw der bij
Tink oan mij.
 
(gemaild door Jitske Bergsma)
 
 
22.
Ik hearde dat der in famke wie,
dat in hiel moai album hie
albumke mei praatsjes
albumke mei plaatsjes
read en blau en giel en grien,
kin ik der noch by miskien
yn dit moaie ferskesboek?
tútsje en in oaliekoek.
 
(Tige tank Jenny Kroes)
 
 
23.
 
Astou skielk great bist
faaks fier hjirwei
tinkstou dan nochris
oer de skoaltiid nei?
Sjochst yn dyn tinzen
de *Hommertser bern
silst tusken harren
my dan ek sjen?
 
* De goede namme ynfolje
( Dankjewol Gré Sijpersma foar
dit moaie ferske)