...

2 septimber. Skiermuontseach
 

De boat gong fuort om healwei tsienen. By de haven wie it hartstikke drok.
Wapen Minsken kamen oeral wei foar in dei, in wykein of langer op Skiermuontseach.
Om ús hinne hearden wy minsken dy’t in oar groetsje en een protte blidens. ’n Protte minsken freegje harren ôf oft der wol genôch plak soe wêze op de boat.
Bussen rekken leech. Skoallereiskes.
De parkeargaraazje wie smoarfol. Dagjesmensen.

Trije fytsen oan in hikke fest bûn.

Op de boat stienen froulju yn in rige by ’t húske. Famkes fan de brêgeklasse makken harren moai foar in dei fuort. Der stienen in protte minsken te wachtsjen foar de kofjebar en de wie(r) gjin plak mear op it bûtendek.

landkaart

Nei sa'n 40 minuten kaam de boat oan. Bussen, taksybuskes en fytsferhierders stienen klear. Alle reizgers sykje harren wei.

Yn it doarp sakken we del op ’t terras, bestelden kofje mei gebak en makken plannen, wylst wy ús ynsmarre mei de krekt kochte Deet.

D’r is een ferske fan Rooie Rinus en Pé Daalemmer oer de rige op Skiermuontseach, mar der is nei ’n skoftsje neat mear fan te sjen. Sa'n lyts eilân mei safolle minsken, sittend op in terras foel it ús op dat it jimmeroan rêsticher wurdt yn it doarp.
drassig
Kuierjend wei troch de bosk en de Kobbeduinen woenen wy it leafst nei de oare ein fan it eilân, De Balg.
It waard in moaie tocht mei in protte wetter en in protte langskonken en mar smarren mei de Deet. Der wienen net in protte minsken. Wy telden mar 6 in keppeltsjes fan twa..

Nei sawat twa oeren troch drekkich gebiet sochten wy ús wei nei it strân.

spelen

It waard jimmeroan drokker hoe tichter wy by Paal (?) kamen en sawier der wienen de minsken ek wer en de bern fan de skoalreiskes.
Wurch en bliid gongen wy werom nei it doarp en wy wienen krekt op tiid foar de lêste bus nei de boat ta.
It wie op werom reis like drok as op de hinnereis. De minsken wienen brúner en rêstiger. Siz mar dat hja wurch wienen.

Op de kaai oan feste wâl bestelden wy fisk mei patat by de patatsaak. De fisk en patat smakke ús bêst wylst wy seagen dat de lêste reizgers mei de wein fuort rieden.
De seefûgels krigen wer de kâns om te kriten. De skjinmakkers rûmen de lêste smoargens op. De patatsaak gong ticht en wy makken ús fytsen los fan de hikke en rieden werom nei de camping mei langskonken.

Fertaald troch: Cora Veenstra-Bartelds

Home