It Frysktalige kwartet Xigatze, sprek út as ksigatze, makket muzyk mei nijsgjirrige teksten, ljochtprintsjes en núvere lûdsampeltsjes.
De kreas klaaide manlju fan Xigatze besykje har taskôgers mei te nimmen op in trip troch in bjusterbaarlik kleur- en lûdlânskip.
Wurdt de trip te dreech dan meie de Xigatzers graach mâltjirgje mei electrotrash (elektronikafanke), piemelpop (ADEH), jiskefetblues (Oerblûze, Abe), Himalayasurf (Friis, Yakko) en BlaaiStienrock (Kokado, Stapgjalp). Dit alles ûnder it motto: Wy wolle in hit.
Xigatze spile op Tibetmanifestaasjes , LIET en op muzykbarrens troch hiel Nederlân. Fan Flylân oant Nijmegen, fan Kiestersyl oant Amsterdam en fan Tjeppenboer oan t Nieuwendijk (Brabân). Se gean ek wolris undercover mei de KGB (Kûbaarder Gjalp Bûn) en bedarje dan fia buorkerijen, bakkerijen tsjerken en hotels op Keninginne- en Befrijingsfeesten.
Yn oktober 2002 kaam Xigatzes debút cd Xigatze út. En ek yn dizze moanne wie de Xigatze cd etalaazje skiif by Omrop Fryslân.
Yn augustus 2003 wie der sels in rockopera fan Xigatze mei toanielferiening Suprise út Witmarsum.
Wa docht wat by Xigatze? Jelmar songt en rapt, Jannie songt, Ruurd drumt, fluit en sjongt, Leo bast en sjongt, Pier gitaart en sjongt , Gerben gitaart, sampelt, praat en sjongt.
Xigatze
De Tsjasker 30
8748DW Witmarsum
GAGerbrandy@hetnet.nl